Doarpsfeest Wânswert 2025, 20 August | Event in Marrum | AllEvents

Doarpsfeest Wânswert 2025

Doarpsfeest Wânswert

Highlights

Wed, 20 Aug, 2025 at 09:00 pm

Goslingawei, 9178 Wânswert, Nederland

Advertisement

Date & Location

Wed, 20 Aug, 2025 at 09:00 pm - Sun, 24 Aug, 2025 at 01:30 am (CEST)

Goslingawei, 9178 Wânswert, Nederland

Marrum, Netherlands

Save location for easier access

Only get lost while having fun, not on the road!

About the event

Doarpsfeest Wânswert 2025
Oer in wike as wat is it alwer sa fier: it moaiste feest fan it jier!
De feestkommisje fan Wânswert hat wer in alderferskuorrenst moai program op priemmen set:

Woansdei 20 augustus
Domme Jûn
Oanfang: 20:30 oere

It is in sa njonkelytsen rûnom bekende tradysje wurden dat it Wânswerter feest iepene wurdt mei de Domme Jûn. In hapke, in snapke en wat jeuzelje en eamelje. En net te ferjitten de Ferkiezing fan de Domste Wânswerter. Of soe it júst de Tûkste as de meast Slûchslimme doarpsgenoat wêze? Der is mar ien manier om dat oan de weet te kommen, der by wêze!

Tongersdei 21 augustus
Pylkje Smite (yn keppeltsjes)
Oanfang: 17:00 oere

Dit jier is der ek de tongersdeis wer wat te rêden op it Doarpsfeest fan Lyts Brussel: it heech oanskreaune pylkjesmyttoernoai. De striid giet tusken keppels. Om der oan meidwaan te kinnen kostet it 7,50 euro de man/frou. Opjaan kin fia Whatsapp by Rainer de Groot 06-43520766 as fia ús Facebookside. Elkenien mei meidwaan oan dit toernoai, it makket neat út ast it foar de earste kear besikest of datst op kompetysjenivo de iene 180-er nei de oare der yn jagest. Minimale leeftyd: 16 jier.

Klaverjasse
Oanfang: 20.00 oere

It hâldt net op want neist it pylkjesmiten is der klaverjassen yn ‘e tinte. Der wurdt op syn ‘Amsterdamsk’ spile dan witte betûfde de kaarters wol hoe let it is. Wy sette der om 20.00 oere mei útein sadat der dy jûns in moai swikje boppestebêste slaggen makke wurde kinne!
Opjaan kin wer fia de Whatsapp by Douwe Zijlstra 06 – 20503729 as ús Facebookside, meidwaan kostet 5 euro.

Freed 22 augustus
Toulûke!
Oanfang: 19:30 oere

It toulûken mei fansels net ûntbrekke op in Wânswerter feest. Teams moatte bestean út op syn minst 4 manlju en 2 froulju (maksimaal 8 persoanen it team). It meidwaan oan it toulûken kostet 5 euro de persoan. Opjaan kin fia ús Facebookside of tillefoanysk by Douwe Sjirk Zijlstra: 06-20503729. Nei ôfrin muzyk fan JETSET, sa’t se harren sels omskriuwe: “Wy brengen je een groot feest vol confetti, jankende gitaren en energie, waarbij er niets anders op zit dan te springen tot je erbij neervalt”. Dat hiene wy net better omskriuwe kinnen. Wol efkes goede skuon oandwaan! De yntree oan de kassa is 15 euro. Bern ûnder de 12 jier meie der fergees yn. Dielnimmers fan it toulûken krije 5 euro koarting yn de tinte.

Sneon 23 augustus
Spultsjes foar jong én âld en TOP-coverband BOULEVARD
Middeis binne der spultsjes foar jong én âld. Eltsenien kin dus meidwaan!
Oanfang: 14:00 oere
Jûns musyk fan TOP-band Boulevard: ‘Tijdens een avond met Boulevard word je verwend met vele medleys, creatieve mash-ups en de nieuwste hits gecombineerd met een vette, energieke show. De band weet elk feest tot een muzikaal hoogtepunt te brengen!’ Net stinne mar hinne dus!

Sweef
De sweef sil op freed en sneon wer fergees draaie!

OPROP
Soene alle ynwenners fan Wânswert e.o. tidens it Doarpsfeest de flage úthingje wolle en harren huzen optuge kinne mei slingers of wat jimme ek mar betinke kinne?!

Stichting Feestkommisje Wânswert


Also check out other Music events in Marrum, Entertainment events in Marrum.

interested
Stay in the loop for updates and never miss a thing. Are you interested?
Yes
No

Ticket Info

To stay informed about ticket information or to know if tickets are not required, click the 'Notify me' button below.

Advertisement

Nearby Hotels

Goslingawei, 9178 Wânswert, Nederland, Marrum, Netherlands
Get updates and reminders

Host Details

Doarpsfeest Wânswert

Doarpsfeest Wânswert

Are you the host? Claim Event

Advertisement
Doarpsfeest Wânswert 2025, 20 August | Event in Marrum | AllEvents
Doarpsfeest Wânswert 2025
Wed, 20 Aug, 2025 at 09:00 pm